Hernia
Ik bin by de pinepoly fan it sikenhûs.
Nei dat ik my oanmeld ha gean ik sitten en ferfeel my mei blêden dy âlder binne dan ik sels.
Nei in skofke komt er in jonge frou yn de wachtkeamer. Se sit yn in weintsje treaun troch in jongeman.
Behelpsum freget er har wert se sitte wol, en as se it wol waarm genoch hat.
Hoeden triuwt er har by de tafel. Ik skat har op noch gjin tritich jier.
Ik begjin in praatsje en al ridlik gau komt se los. Se seit dat se in harsenblieding hân hat.
“It is in ramp foar my,” seit se; “ik wie krekt begûn as selfsstannige undernimmer.”
Se kin it net droech hâlde en ik krij it ek te krap.
“Mar se krije my der net ûnder.” seit se striidber en faget de triennen oan de jas ôf.
Myn namme wurdt roppen.
Wat doch ik hjir eiglik? freegje ik my ôf. Ik wol fuort mar de dokter stiet al yn de doar.
Hernia.