Maarten
Kloften folk steane op brêgen en bermen en hingje yn lantearnepeallen.
En dat allegearre om mar in glimp op te fangen fan de swimmer dy iensum troch it wetter ploetert.
En dat docht er allegearre foar minsken dy de freselike sykte kanker hawwe as oan stoan binne.
Yn tinzen swim ik mei him mei troch de neare nacht oant de sinne wer opkomt.
Wat soe der yn al dy iensume oeren troch syn holle gean, freegje ik my ôf. Soe er oan syn frou tinke as oan syn beide famkes, as hoefolle stempels noch?
Ik wit net werom mar it makket my emosjoniel, it byld fan de swimmende man.
Se sille my net op ‘e wal stean sjen as op in brêge te jûchheie. Ik sil oan him tinke en hoopje dat hy mei sukses syn doel berikke mei wat hy foar eagen hat.
Dy Maarten…
In hiel grut applaus is hjir wol op syn plak.