Diagnoaze (1)
Do moast nei dokter ta,” sis ik tsjin myn man; “do hoastet my tefolle.” “It giet fansels wol wer oer.” seit er. Hy moat neat fan dokters ha.
Mar it wurdt alle dagen slimmer en hâldt ùs beide ‘s nachts klear wekker. De paracetamol en de bûsdoeken binne net oan te slepen. Ik ha myn nocht en freegje as de dokter efkes komme wol.
“Even een penicilline kuur.” seit er; “Dan is het zo weer over.”
Mar it wurdt minder, ik sjoch him eltse dei efterùt gean. Dan is it freedtemiddei, ik hâld it net mear ùt en skilje de assistente.
“Maar wàt heeft hij, mevrouw?” freget se, mei ien each op de klok. “Dat wiet ik net,” sis ik oanbrând; “mar hy moat dalik komme.”
“Dat gaat niet zomaar.” seit se. “Lit mar!” rop ik; “Ik rêd my sels wol!” en smyt de hoarn del. De boadskip is oer kaam en in fremde dokter stiet al gau yn de keamer .
“Dy man hie allang yn ‘t sikehûs lizze moaten.” seit er en skillet in ambulance en it sikehûs.
Ik ryd efter de auto oan en betink my dat eartyds wy ùs stil hâlde moasten want de dokter, dy wist it wol. No moatte wy sèls de diagnose stelle en sizze wat ùs mankearret.
Lokkich wiene wy krekt op tiid.
UPDATE 12-07-2019.
Sterkte met het vervolg
Opbeurende groet,
Beterschap!!!
Hendrika, hij is vorige week Vrijdag overleden.
Hij kreeg longontsteking.
It is goed.
Gr Wokke.
Hij is vorige week overleden aan longontsteking.
It is goed ! Dank voor je groet.
In hiel libben tegeare west..
safolle mei makke ..
In protte sterkte tawinske!
Dineke
Tankje Dineke, it sil wenne moatte.
Ut al jo skriuwen docht wol bliken dat jim wiis mei elkoar wienen, by de boppeslagen en de tsjinslaggen en yn de deistige dagen. Jo skriuwde by it 60 jier troud: “Wy soene it sa wer oerdwaan”. It seit wat oer de bân dy jim mei elkoar hiene. In libben mei leafde is gjin libben om ’e nocht. Ik kin allinich mar sizze: Nim jow tiid.
In soad sterkte en krêft tawinske en mei in waarme groet, Elske
Hiel fersillend mar respekt foar elkoars miening.
Wy learden fan elkoar de saak fan beide saken te sjen, en somstiden wie der fansels in oanfarring. Mar dat foarmet jen.