Selsanalyse
Ùs mem is har oan`t ferklaaien, samar yn ‘e wike. Op myn fraach: “Wer sil mem hinne?“, is har koarte andert; “Dat hearst straks wol“. Se pakt de fiets en giet it doarp yn. Nei in skofke komt se tige optein wer thùs. Mei in djippe sucht seit se: “Ik hie wat goed te meitsjen en soks moat earst ùt de wei.”
Se hat har yn har libben hiel wat ferklaaie moatten, sy wie hiel spontaan en sei wat sy tocht. Nò by it âlder wurren untdek ik dat ik al mear en mear op har begjin te lykjen. Myn libben lang ha ik fansels op har like. Mar nò betraapje ik my der op dat ik har karaktereigenskippen erft ha, goeie mar ek minder goeie. Wy binne spontaan en sizze wat wy tinke en dat kin net by eltsenien. Wy besearje soms minsken ûnbewust. En werd ik in glandige hekel oan ha is dat ik argewaasje mei immen ha. De minsken rjocht yn de eagen sjen, âld sear opromje en skjin skip meitsje.
Mar ik tink dat ik yn myn libben noch hiel wat ôf fietse moat.
Selsanalyse; wat kin dat soms goed wèze…