Sterkte
Ik wist net dat ik sa ferneamd wie.
Grutte en lytse kaarten streame binnen. De post rint him it fjûr ùt de sportskuon.
Oerâl stiet boppe ‘Sterkte’, fansels goed bedoelde winsken.
Is der ek in oar wurd foar om in minske krêft ta te winskjen, frege ik my sels ôf.
Ûs taal is somstiden mar beheind, en kin net goed dùdlik omskriuwe wat min field.
Ek moaie gedichtsjes, selsmakke ferskes komme foarby. In prachtige eigenmakke kaart fan pjutters ùt it âldereinhûs.
Miskyn is dat de krêft wol. Dat lyts en grut blike lit; wy begripe dyn smerte wol.
Sterkte.
1.443
Category:
Minsken