Mienskip
Wolle jo net wat foar de mienskip dwaan?” freget se.
Ik stean foar har yn ‘t kantoar, mei in bulte papieren yn ‘e earm.
Se werhelle har fraach; “Wat mei jo graach dwaan?”
“Hoe sa?” sis ik.
Jo lykje my noch aardich by de tiid, dy ha wy hjir nedich.”
“Ik doch al wat, ik lês âlde minsken foar en praat mei hun.”
“Nè, ik bedoel jo ynsette, mei sjoelen, bingo as britsen.” giet se fierder.
Ik hâld net fan spultsjes as kaarten, ik ferlies altyd en der kin ik net best oer.
“Jo meie ek wol helpe mei kofje ynskinken en koeke rûnbringen. Hâlde jo fan sjongen? Ien kear yn ‘e wike sjonge wy meielkoar ‘Fryslân sjongt!’, in grut sukses.”
“Ik kin net sjonge,” sis ik; “ik moast my thûs en yn ‘t tsjerke altyd stil hâlde.”
Se sjocht my fertwivele oan. “Der bliuwt net folle oer. Wer hâlde jo wol fan?”
“Nei minsken harkje, hun libbensferhaal fertelle litte en der oer skriuwe.”
“Jo moatte it sels mar witte.” seit se en set de kompjûter oan.
Mienskip.
Nou ja…. It skuort je de bûsen út… “wy witte wol wat goed is foar jo”..
Ik wit somstiden sels net wat goed is foar my,do wol ?