Nûmer santjin
Mids de seal yn in grutte oanpaste wein sit se te wachtsjen op immen dy har nei har keamer bringe wol.
Ik kin har fan it swimmen en ha har fanôf it earste begjin yn myn hert sluten.
Se is ticht by de hûnderd mar osa by de tiid, each foar oaren en gjin eamelsek wurden.
Der sitse se dan, geduldich te wachtsjen op immen dy efkes tiid foar har hat.
“Ik bring jo wol,” sis ik; “wer wenje jo?”
“Nûmer santjin.” seit se; “Ien heech.”
Mar de lift is beset. “No, dan nimme we de oare dochs.” sis ik.
Sa sein, sa dien, mar har nûmer sit er net by.
“Myn man is stoarn.” sis ik, wylts wy omheech sûzje.
“Minen ek.” seit se; “Al wer jierren allyn.“
Dan seit se: “Mar it went wol, hear!”
De lift stoppet. Wy helje inoar noch efkes oan.
In geastbesibbe. Nûmer santjin.
1.419
Mear fan dit:
Category:
Minsken