Anonymiteit
“Wat is jo bertedatum?” seit de doktersassistinte. Ik bin al jierren by de selde hùsdokter mar myn namme is bertedatum. Sa is it ek mei sikenhûs as fysiotherapeut, oeral hat min gjin namme mear mar in bertedatum. Wy binne nûmers wurren.
Wy hjitte nò -www.@.nl – bertedatum as postkode. En dan noch as je immen oan de telefoan ha moatte is dat in ramp. Jou je dan mar lang ùt del op de bank. De dame as heer yn kwestje har earste fraach is de postkode, jo hearre har tikjen op de pc. Ik freechje my benaud ôf: soe ik der wol yn stean? Lokkich ha ik op skoalle leart oan`t fjouwer te tellen. Wit hoe faak moat ik 1.2.3.4. drukke. Soene hja twifelje oan myn ferstân… Wer gean wy mei elkoar hinne freechje ik my wol es ôf? Soene wy yn de takomst hielendal net mear witte hoe wy hjitte? Moat ik myn buorman mei syn postkode as syn apestutsje roppe ?
Ik doch der net oan mei , ik ha fan myn Heit en Mem in moaie namme krigen en der mei ùt…