Lokkich
Wèrom lokkich sille jimme sizze? Ùs bern binne fan nacht de doar ùt flein. Ùs bern? Ja, sa fielde dat.
Wy hiene twa koalmees (blokfink as bijbiter) -pearen. Och, wat ha wy der oppasse moatten. Op de ûnmooglikste tiden fan de dei longerden katten en rôffûgels op dizze lekkere hapkes. Om de beurt hâlden myn man en ik de wacht. Hy fûn it by tiden oerdreun mar ik hâld de poat styf.
Wat ha dy âlders hun best dien. Moarns iere betiid wjukken se al ùt foar de moarnsbrogge, dat gong troch oan `t it skimerich waart. Nò binne se de wrâld yn flein, wer hinne en oerlibje se it wol? Ik moat se loslitte, krekt as dû myn jonges de doar ùt gongen. Werom komt der san ûnwennich gefoel oer my?
Wyls ik sa sit te mimerjen efter hûs fleane in pear lytse fûgeltsje om myn holle. Soene hja my betankje wolle?