It strûpt net
Wat is dat dochs tusken minsken? Hollanders sizze: “Het klikt niet tussen ons“.
Je moetsje ferskate minsken yn jo deistiche bestean. Mei de iene strûpt it en de mei oare, dy jo al jirren kinne, akkordearet it net. Ik freechje my ôf hoe kin dat? Wy sizze al gau: “Wy lizze mekoar net.” Mar is dat sa? De iene komt jo iepen te mjitte en de oare stelt him ôfwachtsjend op. It blykt faaks wol as min dy persoan better kin dat jo partidich west hawwe. Myn soan seit wol ris: “As ien my net leie mei, nò dat is syn probleem. Mines net.” Mar der bin ik it net mei him iens. Ik besiikje my iepen te stellen foar eltsenien. En as dat net slagget, dan besiikje ik der wat oan te dwaan. Wy minsken binne allegearre ferskillend mei ferskate eftergrûnen en karaktereigenskippen.
Want wat is boeiender dan minsken? Net ien is gelyk…