Sukses
Yn in grutte kring sitte se te sintsjen op it plein. Mei grutte huodden op, sa dat de lytse rimpele kopkes ferdwine en ûnsichtber wurde.
Ek binne der dy in grutte sinnebril op ha, ek sy binne ûnsichtber wurden.
Miskyn troch de mylde sinne en de oangename sfear komme de ferhalen los.
Se ferhelje oer de bern, de iene hat it yn it libben al fierder skopt as de oare.
It binne allegearre wûnderbern, hja hawwe it allegearre better dien as heit en mem. Grutsk en breèdùt wurde de ferhalen langer en suksesfoller .
“En jo?” freegje ik myn buorfrou; “Hoe is it mei jo bern?”
“Ik soe net witte hoe se derùt seagen en ha fan in printsje net iens werkenne kinne. Se hawwe hege banen krige, ik sjoch se amper. Se hawwe it te drok, tink ik.”
“Mar ik seur net hear.” seit se; “It giet om it gelok fan de bern en net mear om mienen.”
De simmerhoed wurdt ôfsetten en de bril opburgen.
De kring wurdt lytser, de sinne giet ûnder …
Sukses.