Frachtrider
Lûd klaksonearjend giet ùs buorman mei syn frachtauto nei Frankryk. Sneins giet er foart en komt tsjin it wykein wer thùs. Mei it selde ritueel toeterjent en as it donker is gean de koplampen oan en ùt.
Wy binne bliid dat hy wer heel thùs kommen is. Hy docht foar him sels, hy kin net in baas boppe him fele, seit er. It is in jûkel fan in frachtauto: in Scania. Hy fertelde my dat hy sechtjen meter lang is en as hy leech, is fjirtsjin ton swier en as hy laden is weaget er fjirtich ton. Fan alles ferfiert er; karton, lege grienteblikken, jirpels, pampers, frouljusferbân en kowehûden. De lading komt oeral wei: ùt Amsterdam, Deventer, Beilen en noch folle mear plakken ùt Nederlân.
Bytiden sit hy ek wol ris yn ‘e knipe as hy oernachtsje moat op in parkearterrein. Fakentiden siikje sjaufeurs mekoar op foar de gesellichheid mar ek foar de feiligens. Foar in soart is it miskien in jongesdream mar it is in grutte ferantwurdlikheid om de lading feilich te plak te bringen.
Dèr is hy wer, ùs buorman, lûd toeterjend en wiuwend. Wy kinne ùs wer restich deljaan want de frachtrider is thùs.
En ik mei es in ritsje mei, hat hy my ûnthjitten… ‘