Hagepreek
Mei in grutte ploech minsken sitte wy yn de boskjes fan Yntema te Nijskoat. It is Pinkster en by ùtstek geskikt waar foar dizze gearkomst. Troch de ieuwen hinne binne de menisten tamtearre en ferfolge om hja leauwen en sa ûntstienen de skûltsjerken en de hagepreken earne yn it fjild. En elts jier wer hâlde wy dy tradysje yn eare. It is in bysûnder plak, it stik lân grinzet oan de Tsjonger. En fan dèr ùt giet it tsjerkepaed nei de Kapel fan Haskediken. Wat ha wy dochs as Friezen in rike skiednis.
En yn dat listwurk fan fûgels, wyn en stilte sjonge wy oan`t ein it favoryte nûmer fan de Menisten:
Ik fiel Jo wyn hjoed waaien, God.
En heech set ik it seil.
Tehaavene is`t, mei skom bespat,
Mar`k hoopje op Jo heil.
Te roere stiet Jo eigen Soan,
Hy stjoert nei feilge ree.
Ik doar mei Him de reis wol oan
Oer wylde hege see.
—————————————-
De trienen dy `t ik skrieme moast,
Binn`droege fan Gods wyn.
Ik wit net mear, hoe`k stûmje doarst
Oer muoiten, lang ferlyn.
Hjoed haw ik nye libbensmoed
En fèst is myn beslùt”
Ik fiel Gods winen waaien hjoed
En syl de haven ùt.
———————————————
O, lit my nea ferjitte, Hear,
Hoe`t my Jo leafde laat.
Lit foar my stean, hoe dearlik sear
Jo holle kroane waard.
Oan Jo betrou ik my alhiel
By`t oangean fan è reis,
No`t ik Gods winen waaien fiel,
Lied Jo my ûnderweis.