Waarme dûs
Sjogge jimme wol ris nei it programma “Radar“?
Nò, ik ha in waarme dûs oanfrege foar de “Gamma“. It sit sa; ik hie koart allyn in maleurdei. San dei wer`t alles bryk giet, jimme kinne dat ek wol, tink!
Myn waskmasine, tsien jier âld, joech de geast en sei “Doch it sels mar; myn taak sit er op”. Doe kaam ien op it idè do moast nei Gamma gean dy hat in oanbieding, net djûr en ek noch in A-merk dus sùnich yn gebrûk. Mei de soan de masine ophelle en it ding waar yn it hok set. De buorfrou dy der by kaam sei; “O, myn freon sjowt him wol nei boppe ta, hy is sa sterk!”
Mar de man moast wol earst thùs komme fansels, hy hat in berop dat hy altyd op in paad is. Ja, hjer: op it ein fan de wike hearde ik dat hy thùs kaam. Nei dat ik him efkes mei rest litten hie -want min moat wol op it juste momint komme fansels- lei ik him de situaasje ùt. Mar dû kaam it, hy hie it yn è rech en de soan fan him koe ek net helpe.
Myn smoarge wask seach my ferwitend oan, it wie krekt as seine se: dit binne wy net fan dy went. Myn man en ik rûnen de hiele wike al mei it selde klofke klean oan dat der moast wat barre. Ynienen tocht ik: “Gamma skilje, dy moat my mar helpe…” Doe de man myn ferhaal heard hie sei er: we komme der oan. Efkes letter kamen der twa aerdiche jonge keardels en sjouwden mei gemak de mesine nei boppe. Op myn fraach wat it kosje moast seine se: draai mar gau de wask.
Nò bliuw ik fansels myn libben lang “FAN” fan de Gamma. Dèrom in Waarme DÛS fan in tankbere klant.
Kartoen: evertkwok.nl
Tige netsjes fan ‘e Gamma! Dat dat noch kin yn dizze wrald fan sakelik en jild 🙂
Erg grappich skriuwn ek. Us memmeminske hat talint! 😉
Ben benieuwd of de Gamma in het Rotterdamse ook zo servicegericht is. Vast niet. Ben er weleens om een vraag geweest waar iets lag dat ik nodig had en toen werd mij verteld dat ze niet mee mochten lopen. Dat waren Gammaregels. Raar toch? Heb me scheel gezocht en kwam uiteindelijk nog met het verkeerde thuis 🙁
No lockwinske mei de nije waskmechine dy`t ek al boppe stiet tank oan
Gamma.Hoopje dat se de waerme douche krije want dat is fortsjinne!
Leuk stikje, dou bist in echte auteur.
Groetnis ùt Akkrum.