Sparje

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net ùt de rie komme. De iene klant nei de oare komt mei fragen  der `t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet.

Ik wit wol; dat is in mankemint fan my. As ik sa de minsken praten hear, dan waan ik mysels yn it bûtelân. Mobile foans, iPod’s en iPhone’s;  ik wit net wat der mear oer de toanbank giet. Ik stean der mar en fiel my analfabeet. “Wer prate dy lju oer?“, myn soan stiet der by en sjocht  my wat meilydsem oan.

Der stiet in mem mei in dochter al in oere te orearjen. Se ferteld entûsiast dat har dochter slagge is. En nò mei se in iPhone  ùtsykje. Grutsk seit it famke; “Ik ha der ek  wol in jier foar sparre hear!” Wy binne der om in seniorentelefoan mei grutte nûmers en in lûde skille. Ik fiel my âld, ik moat net te folle yn sok soart winkels komme.

We slagje mei in apparaat en neffens de ferkeaper kin min ùs oan ‘e oare kant fan de wrâld wol hearre.

Hoe soe it mei it famke fjirder gean? Ik hoopje foar har dat sy yn har libben ek slagje mei…

LÊS EK:  High Tea
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>