Op it droege
Dû ik in jong famke wie rûnen myn suster en ik gauris nei pake en beppe ta. Fan Âldeboarn nei de twadde warrebrège wie in fiks ein. Mar boatsjende en sjongende wei wiene wy der samar.
Ùs pake en beppe wennen yn in arke. Op in goeie dei kaam myn beppe fan bed ôf en wâlde oan`t de knibbels ta yn it wetter. “Dat kin sa net..” sei pake, “de arke moat op it droege.” Mei help fan de buorman dy in hyskraan hie waar it gefâl op ‘e wâl setten.
Al gau kamen der in protte hinnen, in pear geiten en kninen. Myn beppe hie in winkeltsje en rûn mei de bôlekoer en pake wurke yn de turf. It wie skreppen mar hja redden it op. Hja ferbouden sels griente en hiene aaien fan de hinnen. Hja libben wie yn myn eagen ienfâldich sûnder stress, fansels wie it bodzjen mar der hiene wy as bern gjin weet fan.
As er ien jierdei wie mochten wy wol ris fan de boerejonges priuwe sa ek de hinnen. Al gau koene wy it net mear droech hâlde fan it leitsjen; de hinnen dûnsen, keakelden en leinen aaien sûnder te brieden. Jûns spilen wy “Mens, erger je niet”. It leste potsje lieten wy pake winne want oars gong hy mei de pest yn op bed.
Ach, wat ha ik moaie oantinken oan it ferline. Pake en beppe binne er allang net mear mar sy makken diel ùt fan in lokkige jeugd. Hja hiene de arke op it droege mar net de skiepkes…
Wat in prachtich teltsje oer eartiids. Myn mem komt ek fan Boarn, dat ik ken dy kontreien wol aardich. Jo skriuwe alderaardichste stikjes. Myn kompliminten.
Groetnis Sjoerdtsje
Ienkear in Boanster altiid in Boanster, it giet nea foarby.