De skilder
Healwei achten stiet er al foar de doar; de skilder. Nei lang hin en wer gepraat sille ùs doarren yn de keamer ferve wurre. It hat my hiel wat koste om it sa fier te kryen. Myn man fûn it net nedich.
“Ien dy hurd rint sjocht er neat fan en as it de minsken net noasket bliuwe se der mar.” seit er. Mar sa wurket it net by my, ik sette troch en dèr wie de skilder. Yn in omsjoch stie de keamer fol mei alles wat san man nedich hat. Myn man flechte nei de souder en ik nei de tùn. Mar der wie ik al gau wer wei want it reinde bolstiennen, derom hiene wy de skilder fansels bûten koene hja neat. Hy wie in aerdiche jonge man en hie gjin praatsjes. Yn koarte tiid hie hy it saakje yn e grûnferve. Dû it kofjetiid wie kaam er gesellich by my sitten. Hy fertelde al ridlik gau ùt wat foar nest hy kaam. En om dat minsken my altiid yn ‘e besnijing hâlde wie ik al gau de tiid fergetten. Trije broers en in suster hie der en âlders wer`t er in goeie bân mei hie. En sa gong er fjirder. Hy fertelde fan syn freondinne dat sy foar it earst bijelkoar wennen.
Wy wiene de hele tiid fergetten oan`t syn baas om ‘e hoeke kaam en seach hoe fier hy al foardere wie. Mar it is klear kaam en it sjocht er kreas ùt. Sels myn man fynt it in goeie set fan my…
En de skilder en ik, wy nimme ôfskie as âlde bekinden…