Griene Fair
Yn de moaie parktûn fan “Residentie Oranjewâldflat” stean san fiif- en tweintich kreamkes yn ‘e rûnte opsteld. En tusken dy standhâlders stean wy mei in kream fan eigenmakke sieraden.
It doel fan de “fair “; it moat in grien karakter hawwe. Dat hâld yn, eigen makke produksjes en miljeu-freonlik. Fan alles kin jo der fine, fan eko jirpels en griente oan`t sels makke wyn en sjem ta. Eigen makke huodsjes en tienen kuorkes. Wat binne minsken dochs kreatyf. Ik ha der grutte bewûndering foar. Mar we hawwe it waar tsjin, de iene buie jaget op de oare. Wy ha hâlden en kearen om de boel op de tafels te hâlden. It publyk bliuwt wei, de âlde minsken fan it fersoargingshûs stean ùs mei meilydsume gesichten foar de ruten oan te sjen. De frou efter ùs kryt in bots wetter oer har hinne; it tintdak bejout him.
Yn koarte tiid rint it wetter ùs ta de boksen ùt. Troch de mikrofoan hearre wy hoe Reitse Spanninga -de kok fan omrop Fryslân- de “fair “iepend. In Tilbury mei Fryske hynders dindert oan ùs foarby. Stadich oan klearet it op en de sinne komt der by. It wurd noch gesellich ek en goed ferkocht. Einlings is dizze fair in reuny: it is in dei fan moetsjen wurden. Guon lju untdekke freonen fan lang ferlyn en witte net dat sy yn it selde hûs wenje .
En de man fan de eigen makke wyn docht goeie saken. It is ommers o sa smout en smûk…!