Tsjerkepaad
Myn freon en ik binne drok dwaande ùs tsjerke rè te meitsjen foar belangstellenden. Hy hinget de flaggen ùt en ik set kofje en tee en set de boel klear. Hjoed binne de tsjerken yn Fryslân wer iepen. It is Tsjerkepaaddei yn Fryslân. Wol 250 Godshûzen binne hjoed te besjen. En mar leafst 350 histoaryske oargels sille hun lûd hearre litte. Dizze tsjerkepaaddei rint al foar it achste jier en lûkt tûzenden besikers.
Yn eltse tsjerke is wat te dwaan; tentoanstellingen fan keunstners ùt eigen doarp as stèd. Ek konserten wurde der jûn op oargels fan fryske oargelbouwers. En dy hie Fryslân ieuwen lang. Yn Ljouwert wurkje hjoeddedei noch oargelbouwers ûnder de namme fan Bakker en Timminga.
Wat ha wy dochs in rike skiednis, betink ik my. Ach, ik wurd der bytiden lyrysk fan as ik sa troch ùs provinsje ryd en oan de kime al dy toarrens boppe it lânskip ùt stekken sjoch. Lokkich binne der ynstânsjes en hûnderden frijwilligers dy passe op ùs erfguod.
“Komst ek noch?”, hear ik myn freon roppen;“It rint stoarm…”