Krysant
Ik stean yn in supermerke foar de toanbank en sis tsjin it famke; “Ik wol graach wat ôfrekkenje.” Hja sjocht my fremd oan want ik ha neat yn myn hannen. “Wat woene jo betelje?“,freget hja. “Ik ha juster in pot Krysanten mei naam en net ôfrekkenne..“, sis ik.
Ik fiel my oplitten. De minsken efter my sjoche my nijsgjirrich oan mar ek begrutlik. Jo kinne oan de gesichten sjen dat hja fan alles oer my betinke. It stumper koe har fingers net thùs hâlde en hat spyt krige. As it is in kwaal it komt yn de beste femyljes foar. Mar sa wie it net.
Ik rûn juster mei in ôfladen karre de winkel ùt en sa kaam ik myn soan tsjin. Hy sei; “Moat mem noch mear planten ha? Mem hat al sa folle.” En sa diskusjearjende wei set ik de Krysant op de boadskippen en rin er mei nei it parkearplak. It skeat my fannacht samar yn`t sin. Ik ferskeat der fan lokkich wie it tsjuster. ‘Moarn dalik hinne‘ seit myn gewisse.
En sa stean ik hjir nò en skamje my djip. Mar it famke seit fleurich; “Ik hoop dat de plant goed tierje mei en betanke dat jo kaam binne.” Wat kin min nuvere setten dwaan, net? De Krysant hat in apart plakje krige. Ik sil goed op him passe.