De tsien dingen
Wy hawwe yn ùs gemeente in ploechje liturgen. Dat wol sizze: om syn beurt lèze wy sneins gedielten ùt de bibel der`t de foargonger in oertinking oer hawwe sil.
In jier as wat allyn binne wy der mei ùt ein set. Ûnder lieding fan in logopedist moasten wy leare om starich en dùdlik te praten. En dan moasten wy de eangst oerwinne om foar in grutte mannichte te sprekken. En foar dat wy it ûnder de knibbel hiene ha wy hiel wat ôfswitten en senuwen oerwinne moatten. Mar dat rint nò al in jier as wat en it foldocht goed seit min. “Wolst sneintemoarn de tsien geboden foar lèze?“, freget de foargonger oan my; “Mar dan wol wat simpel wei want it is foar de bern…“
En sa fyn ik de tsien dingen op in ienfâldiche wize ùtlein yn it ‘Blide Boadskip‘ fan J.W. Zantema.
- Ik bin dyn God, en in oare god hasto net.
- Do meist gjin dingen meitsje om dèr foar te bidden.
- Do meist net flokke, dan brûkst Myn namme ferkeard.
- De snein is in aparte dei, oars as de oare seis dagen: it is Myn dei .
- Hâld fan dyn heit en mem.
- Do meist net deaslaan.
- Heit en mem hearre byinoar.
- Do meist net stelle.
- Do meist net wat raars fan in oar sizze, as it net wier is.
- Do meist net oergunstich wèze.
Dat binne dus de tsien dingen foar de bern en foar de grutte minsken dy noch bern wèze wolle. Wat ha wy dochs in prachtiche taal om ùs te ùterjen yn gefoelens, emoasjes en spraak, is`t nèt wier?