Komme
Op myn fraach wannear sy fan plan binne te kommen, seit hy wat kitelich: “Mar wy binne dochs krèkt west!” Ja jonge, dat is ek sa: it tsjit my ynienen wer yn`t sin.
In pear wike allyn kamen sy unferwachts thùs mei twa hûnen dy hja ùt Portugal adopteare hiene. Mei ùs eigen twa hûnen wie it yn ienen in heidensk lawaai yn ùs oars sa rèstiche buert. Mar nei it earste kontakt gong it wûnderaardich goed tusken de Fryske en Portugeeske bisten. De taal joech gjin swirrichheid.
Wat is it dochs gesellich as dy bern thùs komme. Dèr moat hiel wat ôfpraten en ynhelle wurde. En as wy dan sa bijelkoar sitte dan komt de polityk, it miljeu en maatskippij op it taffelkleed. Faaks ha wy ferskate mieningen en de lûden wurde dan ek ferhefticher. Sa hat it altiid by ùs west: diskusjearje ûnder iten. Oant ik sis: “Hoe smakket it? Wa wol noch wat ha?” En sa komme wy wer yn rèsticher farwetter.
En dan binne sy foart. Us hûnen lizze bewusteloas yn ‘ e koer, dy hearre wy jûn net wer, en ik freechje my ôf: wannear soene sy werkomme?