Nifelder
“Past it dat ik efkes om in bakje kofje kom?“, freechje ik myn soan. In jier al wat allyn hawwe hy en syn broer elk in flatsje kocht yn it selde kompleks. De wenten wiene tige fertutearze en waarden spotgoedkeap ferkocht. Tsjin de âldste soan seine wy: “Soe sto dat wol dwaan?” , wittende dat hy twa linker hannen hie. “Fansels…” , sei hy; “Ik meitsje der wol wat fan.”
Dat is nò al in pear jier allyn en der is net folle oan feroare. Hjir en der in kwast ferve en dat wie it. Mar de oare soan hat it yngripend ferbouwd. Allinne de muorren bleune stean. Faaks ha wy tocht:”Wat sil dit wurde?” Mar stadichoan kaam der feroaring. Plafond, flier en duorren: alles waard fernijd. It hat him hiel wat switdrippen koste. It is dan ek in prachtiche wente wurden. En de oare soan, wat hat hy it altiid smûk. “Meitsje mar in stoel leech , hear,” seit er, stekt in kearske oan en skinkt in bakje kofje yn. En as ik dan fersichtich sis: “Moast it ek es wat oprèdde?”, seit er; ” As fynt mem it dan nèt gesellich?”
Wat in ferskil tusken dizze beide broers: de iene in nifelder en de oare in genieter. Elkenien fynt syn lok op in oare wize. As men mar gelokkich is…..