Ik wit it net
“Mem, is it wier?“, freget myn soan. “Wat is wier?” Hoe faak wurde jo frege: “Is it ek wier?” Ik ha al es heard dat ferslachjowers noait sizze meie: “Ik wit it net…” Ek menisters moatte dat omsile.
Doe`t ùs bern lyts wiene moasten jo altiid in andwurd jaan. As jo it andwurd wisten as nèt. Sei men. As Sinterklaaskado krige ik fan myn skoanfemylje twa boeken oer opfiedkunde. Sy sille wol tocht ha, dat kin noait kwea. Twa prachtiche boeken fan Dr Spock mei in tapaslik gedicht. Ik ha ien boek trochwraksele mar doe tocht ik: “Hoe wit dy Amerikaan nò wa ik bin en wa myn bern binne? Alle bern binne dochs nèt itselde?” Hy kin ùs net iens mar jong en ûnnoazel dat ik wie tocht ik: “Hy hat er foar studearre, hy sil it wol witte.”
Jierren letter bekende dizze wrâld ferneamde psycholooch dat hy it mis hie mei al syn ‘pedagogische’ boeken. Ik bliid fansels dat ik syn advys net opfolge hie.
“Mem?“, freget myn soan.
“Bestiet God?”
“Ik wit it nèt, jonge, mar ik hoop fan wol….”
En it is dochs noch goed kaam. Tige tank derfoar.
As it mar mei leafde en ferstân giet dan komt min al in hiel ein…