Piet van der Hem
Nei in grutte brân krige de pake fan myn man in prachtich skilderij eigenhannich fan Piet van der Hem, in bekende Fryske skilder. De titel is “Vluchtelingen Stramproy 1917.” [hjir mear]
Pake wie by in keunstnersrûnte fan Fryslân. En nei de brân doe hy alles kwyt rekke wie wer ûnder syn hele bibleteek, soargen de leden fan de keunstnersrûnte dat hy in protte werom krige. Sa pronkje wy al in desennium lang mei dit skilderij. Ik sels wurd der wol es wat mankelyk fan. Minsken yn fodderege klean lizze op ‘e knibbels en witte hun gjin rie.
Flechtelingen. Der is yn al dy jierren neat feroare. Hjoed de dei sjogge wy se alle dagen op de tillevyzje foar by kommen. Ik moat tajaan somtiden went min oan dy bylden mar as ik dan nei dit skilderij sjoch wurd ik der somtiden tryst fan, wannear soene minsken net mear flechtsje hoege!
Ik wachtsje op in soan mei in boar, dit skilderij fertsjinnet in fleurich ljocht plak. Mar were…?
Een oar skilderij troch Piet van der Hem | foto: ntr