Sinteklaasjûn
Jûn is it wer Sinteklaasfeest. Yn myn tinzen gean ik werom nei de sinteklaasjûnen fan myn jeugd. Dan praat ik oer de jierren fan de foarige ieuw dû ik noch in bern wie.
In pear wike foar dy tiid wiene wy as bern al tige nyskjirrich wat wy krye soenen. As ùs mem efkes de doar ùt wie waar it hiele hûs trochsocht , myn jongste broer en ik koene net sa lang wachtsje oant it sa fier wie.
En as we wat fûnen pakten wy it sa wer yn, dat net ien fermoede koe dat it pakje iepen west hie. Trouwens, it wie oarlogstiid en neat te kryen. Mar de memmen fan dû wine tige kreatyf, der waar hiel wat ôfbreide fan skjippewol dat wy as bern fan it stikeltried ùt it lân sykje moasten. Dû de sinterklaasjûn oanbrutsen wie siten wy allegearre om de tafel hinne. De petroaljelampe boppe ùs holle sûze sèft en strielde waarmte ùt, ùs heit lèsde dan in spannend ferhaal foar. De kadootsjes bestiene ùt: foar de jonges mecano en ik krige in poppe en in beer dy ùs mem ruile hie foar bûterbonnen. Ùs soan pronket der noch mei yn syn hûs.
Dat wie ùs sinterklaasfeest en mei in waarm gefoel tink ik der faak oan werom.
” TIDEN hawwe TIDEN “