Respekt
Ik stap yn Grou op de trein en omdat ik yn it Fean der wer ùt moat wol ik by de ùtgong sitte. Mar dat falt tsjin, de romte stiet grot fol. Minsken dy yn Ljouwert wurkje, studinten en dan noch de minsken mei hun optearfietsen, se wolle allegearre nei hûs. Ik stap yn en foart en daliks gean der twa jonge manlju stean en meitsje plak foar my. De iene jonge seit; “Oer fyftch jier hoop ik dat minsken ek foar my oer ein gean...”
Yn ienen begjinne se troch elkoarhinne te praten. De jonge mei read hier seit; “Dan binne der gjin treinen mear mar raketten.” In grutte lange fint seit: “Wol nè, dat is dan allang wer achterhelle.” En sa giet it petear troch. En foar dat ik it troch ha docht it âlde minske op it klapstuoltsje mei oan it filosofearjen oer de takomst.
Respekt: hoe sa mei dwaan oan de takomstdreamen fan jonge lju, samar yn in grot folle trein….