Artikel 16
Nei oanlieding fan in artikel oer “Kneppelfreed” yn de Feansterkrante moast ik oan twa molktapers tinke. Yn it stik waart ferhelle hoe Wiebe van der Hoek en syn kollega Jean de Leeuw op hun karre molke en sûpe hiene stean. Hja waarden bekeurd troch in kontroleur fan de keuringtsjinst fanwege artikel sechtsjin . Nei in pear warskôgings moasten sy foar komme. Ek yn de rjochtbank praten de beide manlju Frysk. Wer op de rjochter sei: “In de rechtbank spreken wij Nederlands.” It andert fan dy beide wie; “Wij kinne net Nederlânsk en fersteane it ek net.” Hja waarden troch de rjuchter skuldich befûn maar krigen gjin straf.
As de dei fan juster sjoch ik de beide molkekarren foar my. Op in ynkele ynwenner nei dy it mar in hiel gedoch fûn, stie hiel Boarn achter dizze helden want sa waarden sy besjoen.
It is 1948 de striid om de Fryske taal is begong. Kneppelfreed komt der oan. Yn it jier 1951 steane twa sjoernalisten foar de rjochtbank. De striid om de Fryske taal te brûken foar it gerjocht is yn gong set.Tank sy dy twa molktapers en twa sjoernalisten : Fedde Schurer en Tjebbe de Jong meie wy ùs hjoed de dei yn it Frysk ferdidigje.
Ùs mem freget om in heale mingel molke en in mingel sûpe, skriuw mar op seit se, myn man komt sneon wol te beteljen….