Kammeraten
Sûnt ik myn nije oankeap -in blèdsûger/blazer– yn gebrûk ha, ha ik kammeraten krige. Ik bin nò ien fan har wurden. De lju fan it grienûnderhâld ùt ùs omkriten besjoche my nò as hun gelikense. Wy binne drok dwaande, sy yn de blommeperken en ik yn de tùn. It is in kabaal fan je welste, hearren en sjen soe jin fergean. Ik stek de hân op en foar dat ik los gean, meitsje ik in praatsje oer `t waar en sa. Dat docht it altiid goed, dan kriget min foart kontakt. We geane oan`t wurk want tiid is jild ek by ùs.
Efkes letter wurd der op myn skouder tikke, ik wurd der kjel fan. “It is skoft.“, seit de man en freget as ik ek kofje ha wol. Sa sit ik efkes letter yn de keet te skafttsjen. Wat is it gesellich. Manlju binne dochs oars as froulju. Goed, it praat giet dan ek oer fuotbal en de nije C.A.O. Ik lùsterje dan ek mei grutte earen en ming my foar sa fier ik der ferstân fan ha yn it petear. Yn ienen giet de foarman stean en seit; “Oan it wurk, mannen.“
Mei in lokkich gefoel gean ik wer fjirder. Ik ha kammeraten krige en stek de hân noch mar es omheech.
Ik hie myn âld stofjas oan, net dat pakje, dat dit frommiske oan hat. Net geskikt foar de wurkkeet, tocht ik sa….