Harkje
Hearst my wol?“, freegje ik myn man. Ik ha in hiel ferhaal ôfstutsen mar ik sjoch oan syn gesicht dat hy mei syn gedachten earne oars is. Ik sis noch es in kear. “Hearst my wol?!?“
Ik ha in pear nije leazens kocht en lit se grutsk oan myn freondinne sjen.
“Hoe fynst se?“, freechje ik har en wachtsje yn spanning nei har reaksje.
“Ja“, seit se; “Ik moat ek in pear nije ha.“
“Wat fynt sy nò echt?” tink ik.
Ik fertel in oare freodinne dat ik nèt goed yn myn fel sit en wol it ùtlizze. Mar hja seit; “Ik ek nèt.” en begjint oer har eigen krupsjes.
“Hoe kin dat nò?” betink ik my; “dat wy hearre mar net mear lùsterje kinne?“
Ik ha in muoike hân dy sei dan as sy my seach; “Is er wat? Ik sjoch oan dy dasto earne mei siste..”
En oprjocht sa as sy wie koe ik har alles tabetrouwe.
“It is de tiid,” sei ien tsjin my; “de minsken sitte fol mei hun eigen droktes en beslommerings.” It is in IK-maatskippij wurden en ik betraapje my der op dat ik my der ek oan skuldich meitsje.
“Kinne wy efkes prate?” freget in freon.
Efkes letter sitte wy oan in bakje kofje en beprate wat ùs sa al dwaande hâld. Is er nèt in siswize dat seit: in goed harker hat mar in heal wurd nedich?