Swarte Merk Sùdlaren
It is ier yn de moarn as wy yn de grutte hallen fan de Prins Bernardhoeve oan komme. Sneon en Snein sil der in beurs wèze. It tema fan dizze twa dagen is Hobby & Creatief.
Troch dat myn freondinne yn de handel sit frege hja my om har te helpen om de stand op te bouwen. In dreech karwei. We begjinne mei de partytinte op te setten. Dan wurd de feestferljochting der ynhong. Stadich oan pakke wy ùt en sette al it ark op ‘e skammels. Har handel bestiet ùt winskkaarten meitsjen. Jierren allyn is sy der mei begong, mei it betinken dat it in rage fan koarte tiid wèze soe. Mar de hobby hat in grutte flecht naam, fan ienfâldiche kaartsjes oan`t yngewikkelde kunstwurkjes ta.
Ik bewonderje har, mei einleas geduld en antûsiasme is sy der altiid mei dwaande. Se fertsjinnet nò har brea der mei. Se giet nei ferskate beurzen oan`t yn Brabân ta. Yntusken rinne de hallen al aerdich fol mei ferskate standhâlders. Der heersket in mienskipssin falt my op. De iene helpt de oare. De man neist ùs helpt ùs mei de elektrisiteit wer`t froulje oer it algemien net sa goed yn binne. Wy binne klear en nimme ôfskie fan ùs kollega`s en winskje mekoar sukses.
Myn gedachten binne hjoed by har. Dat sy mar in soart ferkeapje mei…