Advintsjûn
“Hast sto ek in moai ferhaal , freget de foarsitster. Wy sille as susterkring advintsjûn fiere. Dat hâld yn: foar it skoft it geastlike gedielte en nei it skoft in frij ferhaal.
En ik wit net wat it is mar dan freechje se my altiid. Dan helje ik de hiele boekenkast oerâl, sneup alle boekwinkels ôf om in goed fryskferhalenboek. Koe ik sels mar in ferhaal betinke. Mar ik bin gjin skriuwster, ik boartsje allinne mei wurden. En der kin min gjin jûn mei folle.
Mar earst gean ik nei de grutste boekwinkel dy wy hawwe en freechje; “Ha jimme ek wat geskiks foar my! Ik wol allinne mar in frysk ferhaal mei in protte humor.” Hja sjoche my fernùvere oan en skodsze mei de holle, it moat ommers foar advint wèze! Mar ik ha it fûn. It boek hjit 21 Nije Fryske Winterferhalen fan 22 fryske skriuwers. It wurd “De leedomsizzer” fan Anny de Jong.
Wat soe ik graach in echte skriuwster wèze wolle…