Boelguod
“Ik ha it kammenet fan ùs mem oan myn skoandochter jûn.“, seit myn suster troch de telefoan. Ik sis ferbjustere: “Wèrom dat?” “Nò, it fûl hast ùt elkoar en ik hie myn nocht der fan.“
Yn myn tinzen bin ik amper trije jier en stean mei myn heit yn doelhof yn Âldeboarn. De herfoarmde dûmny is ferstoan en de bern helje de pastorije leech en sette alles op ‘e dyk. It plein stiet grot fol meubilêr fan in dûmny yn goede dwaan. Sa sjocht ùs heit in kammenet stean en is ferkocht. “Wat sil mem dat moai fine..“, seit er.
Grutsk as wy binne bringt in hânkarre ùs mei de kast thùs. Jierren hat it te pronk stien. Us mem wie der altyd mei oan it wriuwen. It kammenet hie twa laden: ien foar ùs heit en ien foar ùs mem. Underyn leine de sneinske klean. En nò stiet it yn fremde omkriten. Soe sy der wol goed oppasse en goed yn it wriuwersguod sette?
Dei , kammenet it giet dy goed, tank foar in stikje dierber oantinken…