A.O.W.
“Wanneer krijgt u het weer binnen?“, freget in frommeske my. Ik stean by de kassa fan in grutte supermerk. Se sjocht wat meilydsum nei myn protsje boadskippen op de rinnende bân. “De drie en twintigste zeker?” Ik sjoch har freegjend oan. “Wat bedoele jo?” “Nou ja de meeste mensen zitten er op te wachten in deze dure weken.” “Jo bedoele seker de A.O.W.?“, sis ik noch oerstallich. “Ja“, seit se; “ik ben afgekeurd en dan komt het wat later.“
Yn rap tempo ferteld se my dat sy ùt Amsterdam komt en har hjir osa thùs field. De kassjère kloppet ungeduldich op de kassa en de minsken achter ùs begjinne te fûterjen. Nei in glimke fan begrypjen geane wy ùs eigen wei. As ik efkes letter nei hûs rin, moat ik oan ùs mem tinke. Minister Drees koe it nèt mear by har bedjerre…
En sa moat it ek bliuwe. Nèt ien mei oait oan dizze ferwurvenheid toarne.