Krystfeest
Wy hiene yn ùs doarp eartiids twa krystbeamen. Ien yn de tùn fan de dokter en in hiele grutte yn de Herfoarme tsjerke. Djip ûnder yndruk wie ik as ik dy prachtiche beamen seach. Yn de beam fan de tsjerke sieten echte kearsen mei sulveren bollen.
Twa man sieten by de beam. Hja hiene lange stokken wer op grutte spûnzen sieten. Ûnder de beam stienen amers mei wetter. Sa nò en dan waarden de stokken yn it wetter dompele. By de ùtgong siet in man fan de brânwacht kompleet mei ùtrissing. Yn stilte hope ik somtiden dat er wat barde soe en de brânwacht yn aksje komme moast mar it betearde altiid goed.
It krystfeest duorre wol twa oeren. Foar it skoft hearden wy nei it krystevangeelje, dernei nei in eigen skrean Frysk ferhaal fan ùs sneinskoale juffer. Ûnder dy lange sit moasten wy as bern nedich pisje en dan sochten wy in plakje ùt op it tsjerhôf want toiletten bestienen dû noch net. Op it ein fan it feest krigen wy waarme poeiermolke en in synappel. Mar ek in prachtich boek fan W.G.van der Hulst.
Thùs diene wy net oan in krystbeam, werom wit ik net, wie it in heidensk gebrûk as wie der gjin jild foar? As wie soks allinne foar de notabele wei lein? Ik wit it net.
It binne dierbre neitinsen fan in lokkiche jeugd ùt myn doarp Âldeboarn.