Femyljeberjochten
“Jan, kinst sto Pieter fan Ale en Jantsje noch wol? Nò, dy is dea en net sa âld wurden.“
Ik skilje mei myn broer ùt myn doarp. De Ljouwerterkrante is krekt kaam en dan sjoch ik earst nei de femyljeberjochten. Soe der ien by weze dy ik kin? In fremde gewoante, dat wit ik wol. Ùs mem dy dat eartiids ek al en as bern tocht ik dan: se koe der wol nei ùt sjen. En dan, as it in goedkunde wie, waard der wiidweidich oer praat. Dochs fûn ik it as bern prachtich as de buorfrou en ùs mem fan alles oer de persoan yn kwestje fertelden.
Dan hiene wy yn ùs doarp noch in leedsizzer. Hy droech in swarte lange slipjas mei koperen knopen en in swarte hege hoed. En wat it moaiste wie: hy koe de leedbrief ùt de holle opsizze en droech dat yn dichtfoarm foar. By elk hûs en by elke doar waart er mei niget nei him lùstere. Der is in soart ferlen gong oan mienskipsin.
Mar ja… tiden hawwe tiden.
Ik sil myn suster efkes skilje. Dy koe him ek goed. Hja siten yn de selde klasse…