Dôvens
“Wat sei stò?” Hûnderd kear deis hear ik dat. Ik sit yn in leeftiids kategory dat in hiel soart minsken om my hinne dôf wurde. In diel derfan ontkent dat sy der lèst fan ha, se wolle der net oan ta jaan. As net wèze wolle want dan lit jo blike dat jo net mear de jongste binne.
Sa ek myn man. Dat hy hurdhearich waard woe hy neat fan witte. It lei him oan my, ik prate net dùdlik genoch. Geregeldwei kom ik by in freon fan ùs. Hy seit : “It sil wol oan dy lizze.” Sa ek in freondinne dy tinkt dat sy tweintich bliuwt en net oan âlderdomskwalen docht. Myn mem woe der ek net oan mar dat hong er fan ôf welke fragen ik stelde. Ùtsein as ik nei har sinteraasje frege dan hearde se alles.
Skynber is it dreech om by it âlderwurden dit soart ûngemakken te akseptearjen. Sa hat myn man in unmooglik lyts gehoarapparaatsje krigen, yn e grutte fan in grauwe eart, want hy is ek noch tige idel .
Wy kinne tegearre wer prate sûnder dat de buorren mei genietsje. Wat libje wy yn in moaie tiid wat de technyk oanbelanget, net ien hoecht him mear te sjenearjen.
Dy wurde hieltyd lytser, alle apperaten. Dus sa’n eart kinst noch wol mei rinne, net ien dy’t it sjocht. Mar ja, no hat er gjin smoesjes mear fansels.
En dan in rollator, myn heit woe echt net mei dat ding op strjitte rinne. Dat probleem kinst ek wol miskien.
Moai stikje wer.