Realistysk
Op de doarmatte falt in ùtnoeging foar in tentoanstelling fan skilderkeunst. In freondinne fan ùs is nei har fiifensechtichste begong te skilderjen. Fan ôf maart oant augustus eksposearit sy yn de Deelen.
Ik skilje har dat ik earst es lâns komme wol. Want ik bin in analfabeet op dat mèd. Ik mei de hiele samling fan skilderijen besjen. Ik freegje: “Wat bist sto nò? In abstrakte keunstner as wat oars? Hoe moat ik dat sjen?” Ik fiel my ûnnoazel en unwis ik bin op in terrein wer `t ik net yn thus bin. Mar sy kin my wol en seit: “Sis mar: ik bin in Realist.” Ik knik en besjoch de hiele utstalling.
Ik ha bewûndering foar har. Op jin âldens noch soks prestearje dat fyn ik knap. Nei dat ik tasein ha te kommen gean ik under yndruk nei hûs . En ik dan… ik besiikje ek yn al myn breklikens en beheinens yn taal te skilderjen…
Een weblog hawwe op 77 jier is krekt sa knap. Miskien nog wel knapper.
No, dat bin ik no hielendal mei jo soan iens. Dát fyn ik in prestaasje!
Wat moat ik oars? Bridge, golfje ,tennis as damspultsjes binne net oan my bestege. Bliuwt er oer liflafkes op myn P.C.sette.
Liflafkes binne it noflikst, faaks.
Der hâld sto as lyts jonkje al fan do bist neat feroare.
Moai stikje!
It frysk kin wol in opfrisser brûke;-)))
goed wykein!
Tanke wol foar it komplimint. Ek in wykein mei folle nocht.