Pine-mûle
Ùs Max hat pinemûle en nèt san bytsje neffens de bistedokter. Nei dat wy Olly, syn maat, nei syn lèste rèstplak brocht hiene sei ik tsjin myn man: “En nò wol ik Max neisjen litte. Hy is wol tretsjen jier mar ik wol him noch wol in jier as wat by ùs hâlde.” Myn man aksele wat tsjin (mear om de kosten as om de hûn, tink ik).
Nei dat ik in ôfspraak mei de bistedokter makke hie koe Max komme. Nei in pear oeren koene wy him wer ophelje. Myn man sei noch: “Stiet er genoch op ‘e bank?” En ja hear; bûtendoar hearde ik him al jammerjen. In lûd ùt tûzenden. Der sit er yn in lytse romte fan stielen traaljes. Yn de measte hokken leit in bist, meast katten. Op ‘e grûn lizze tekkens mei operearre hûnen. “It is in hurden, hear…“, seit de dokter; “Hy moat ôfgriislik pinemûle hân ha want wy hawwe hast it hiele gebyt der ùthelle.“
Sa gean wy op hûs ta mei in hûn op ‘e skoat, heal yn`e dûze. Ik freegje my ôf: bestean er ek ynplantaten foar hûnen?
Nee.
wat in nuver ferhaal….alle tosken der út? Dan no mar oer op olvarit…foar bisten…?
Goeie jûn!
Dat is dan dùdlik ….