De Lage Hoeve
Op dizze pleats wenje hiel wat bisten. As ik der kom dan moat ik altiid oan de arke fan Noach tinke mar dan sûnder arke fansels. Der wenje hiel wat bisten. Se rinne allegearre troch elkoar hinne en kinne best meielkoar opsjitte.
Ik sil jimme fertelle wat foar bisten der wenje. Allerearst de trye hûnen; Tara, Blacky en Djonda. Tara, een grutte swarte hûn, komt ùt Gaasterlân. Blacky is in lyts Terrierke en komt fan it Ynternet. En der is Djonda ùt Portugal.
Dan binne der twa hingelbûk bargjes. Spookey is in swarte en Sue in wyt-grize (se binne neamd nei in sjongduo). Altiid honger mar altiid fleurich.
Der binne seis katten. Nei rangoarder neam ik se hjirre; Kitty is in wyte poes mei healle earen fanwege kanker. Poeleke mei de kleuren fan in ko, swart wyt. Beau, in lapkeskat. Belle, in tinger sipers katsje mei de eagen fan E.T. En dan Toetsie, in swarte folslanke kat, kaam tydlik mei in nest ferwaarloasde jongen. Mar mem Toetsie mocht bliuwe. Ta einbeslùt is der Myra de Main Coon poes, se hat wat fan in mini liuw en ien en al hier.
Dan noch twa kninen: de iene hjit Peter -fan Rabbit- en de oare is Pebbles. Har tosken groeie hurder dan sysels en moatte om de twa wike knipt wurre.
Der binne ek noch fjouwer hinnen oer. Der wiene mear mar op in nacht binne der hiel wat fan opfretten troch in Foks as in Murd. Dy kamen tsjin de moarntiid thùs ùt it Houtsje. Ien hin is tsjien jier wurden mar hy is âld wurren by de twa kninen. Dat wie earst needopfang mar mocht bliuwe. Ek is Gerrit der noch: earst wie hy noch al ballearich mar dû is hy holpen troch in feedokter -jimme witte wol, tink!- en is nò aerdich restich wurren.
Troch in fruchtber klimaat yn de fiskekom swimme der hiel wat guppies rûn; de Femylje Blub. Ik leauw dat ik nò alle bisten hân ha. Ùt dit ferhaal docht bliken de grutte leafde en respekt foar bisten en al wat libbet.
Sokke minsken moasten der mear wèze. Ik bin bliid dat ik de frou fan De Lage Hoeve ta myn freonen rekkenje mei…
Ik bin tige jaloersk dat ik dat net dwaan kin; safolle bisten om it hus. Maar ‘t is goed dat minske as sij der binne. Mooi stikje wer, us memmeminske!
Ik wil dat ook!!! Eerst maar sparen….. 🙁
Wat een prachtig stukje, bedankt voor het delen.
Je hebt er weer een follower bij, hoor… Leuk blog!
Groetjes,
Monique
Leave Follower
Ik ga altiid met plezier naar de”Lage Hoeve” Warm en gezellig 🙂