Boadskipje
“Kin ik mei dy te boadskipjen fanne middei?“, freegje ik de soan. Hy is even thùs mei de auto en dan moat ik myn trekken waar nimme. Dat gesjouw mei dy swiere tassen èk. “Jawol.” seit er. It klinkt net sa entûsjast.
Ik ha in suster mei fjouwer soanen en fjouwer skoandochters. Twa der fan binne Oekraïensk, ien Ingelske en in Fryske. Myn suster wurd op`e hânnen droegen. “Wil mem mee de stad in?“. Der is altyd ien dy mei har opstap wol. Dat liket my sa aardich om mei in skoandochter en in flinke beurs te shoppen.
Yntusken stean ik mei in ûnmooglike swiere tas foar de Super te wachtsjen mar gjin soan. Wat kleur hie dy auto ek al wer? Ik sleep my oer it parkearplak mar sjoch gjin bekende auto. Se lykje allegearre op elkoar. Dan mar werom en ik stean wer op it plak fan sa krekt. Ik begjin myn nocht te kryen. Wer sit dy ferhipte jonge dochs? De foarbygongers swaaie al nei my: ik begjin in fertrouwd strjitbyld te wurden. En mei dat ik in taksje oan hâlde wol stiet er foar myn noas. “Wer bliuwt mem nò?” En sa rinne wy al fûterjend nei de auto. “Mem moat altyd de telefoan by har ha.” seit er noch.
Ik tink oan dy skoandochters. Miskyn ha sy noch in pear susters thus. Ik moat mar es ynformearje…
Noflik stikje, memke. In fertrouwd strjitbyld… Ik kin it probleem fan de soan, dy’t sa no en dan foarby komt as er in wiekein thus is. In mailtsje nei boppe stjoere wurket faaks it bêst. Yn it foarby rinnen kin ik noch krek efkes trochjaan dat ik in probleem mei internet ha. út it antwurd “Alwer, ik kin net oan’e gong blieuwe”, meitsje ik op, dat er het begrepen hat. letter joun, of moarnier sil er achter my stean en freget er, wat de problemen binne. As se een freundinne ha, wurde se dochs oars, ha ik mei de oare… Lês mear »
hm, wat is dat dochs mei memmen en soannen;-)). Yn`e opfieding giet it earne fout blyker. Mar lokkich kinne de skoandochters it wer in it lyk breidsje….?? Men heard ek wol dat skoandochters der foar soargje kinne dat de memmen de soannen kwyt reitsje… hoe dan ek is in moai ûnderwerp foar in blogje. Myn komplimenten!
‘t Is mar goed dan dat deselde soan een weblogje oan syn mem kado jout sa dat sy hjir oer har soan eamelje kin 😉
🙂
Ha Wokke,
Je bent een natuurschrijftalent! Niks voor de Band?