Achthûndert
Yn in rûnte fan tachtich jierrigen bin ik oan it foarlêzen ût Tidenhawwetiden.
De measten lju sitte yn in oanpaste wein as hawwe de rollator under hannerik. De iene is noch hiel skerp fan geast en de oare lit de wurge holle al gau hingje.
Myn freondinne lêst foar yn de Hollânske taal en ik yn de Fryske.
By underfining wit ik dat it in koart ferhaal wêze moat, it moat werkenber wêze. It moat daliks hun oandacht hawwe, se moatte it sels wer opnij belibje…
Troch de tiden hinne skreun ik oer blidens mar ek oer fertritlikens.
Oer myn man en ùs jonges, oer hun wederwarichheden (“Net alles fertelle, Mem.” seine se wol es).
Oer Max, Olly, Jelle en Stientsje, want bisten hearden er altyd by.
Mar it gie ek faaks oer lju dy ik tsjin kaam yn it deistige bestean. En wat is no boeiender dan minsken?
Blidens en drôfens wikselden mekoar ôf, ek yn myn libben.
De achthûndertste tiden mocht ik hjoed skriuwe, it iene sloech meer oan as de oare fansels, en de stavering wie ek net altyd sa as it wêze moast.
Tige tank, freonen, folgers, lêzers én passanten, foar al dy jierren fan freonskip.
Achthûndert…
Van harte gefeliciteerd met de 800ste!