Krêften

Ha jimme dat gefoel ek wol es hân, dat jo nèt mei de meute mei dwaan kinne? Dat kin sawol maatskiplik wèze, oplieding as in gearrin fan omstannichheden. Jieren ha ik der lèst fan hân. Ik kaam yn in oar miljeu telânne. De minsken om my hinne hiene it der dùdlik dreech mei.

Yn dy tiid wie ik net gelokkich. Oan ‘t ùs libben fan de iene op ‘e oare dei folslein in oare draai naam. Der kamen krêften by my boppe driuwen dy ik fan mysels yn de fierste fierte net dreame kint hie. Somstiden kin samar  jo libben op `e kop komme te stean en dan komt it der op oan. Wat doche jo dan? Je ûnder del jaan as wèrom fjuchtsje?  

Do kinst dien krye fan dyn baas as do giest mei grutte tsjinsin nei dyn wurk. Eangst foar feroaringen en ûnwissichheid hawwe wy allegearre.Myn ûnderfining is: weagje de sprong nei hiel wat oars, ek al is dat in grutte gok. Dan komme der krêften boppe, der silst fersteld fan stean en dyn libben sil wer ynhâld krye… 

( Skreun nei in oanlieding ) 

LÊS EK:  'Tiden hawwe tiden'
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>