275 Breed en 115 Heech
Jûns let giet de telefoan; “Mem, ik kom der oan, hear!“
“Wannear?” freegje ik.
“Nò, dat kin wol es let wurde want ik stean by Utert yn de file.“
It is sneontejûn. Ik sit noflik underùt nei in spannende detective te sjen. Krekt op it momint dat de moardner ta slaan sil giet de doar iepen: de soan komt thùs. Spitich genoch wit ik nèt wa de dieder is.
“Hat it memmeminske ek noch fitraazje lizzen?” freget er; “Ik wol in gerdyn ha foar myn sliepkeamerraam. It is sa unfrij.“
En sa helje ik alles oeral. Wer binne dy kringen nò?
Nei in protte geheister sitte wy tegearre by de tafel.
“Se moatte 275 breed en 115 cm heech wurde.” seit er. “Nò, dan moast sto mjitte,” sis ik; “as it ferkeard giet dan ha ik it nèt dien.“
En sa binne wy al pratende wei dwaande. Myn man skodzjed syn holle. Hy kin er net by, san drokte. Dat kin dochs moarn ek wol, nèt?
275 cm breed en 115 heech. Soe it passe? It sil my nij dwaan…
En it is slagge! Sjoch de foto. Tige tank noch, us memmeminske!
It lak is djoerder as de brief;-)!
Mar tegearre foar ien doel wurkje, wylts prate oer dingen der`t jo oars net oan takomme hat ek wat…