Miljonèrsfair as Itensbank
Wat sil it dizze dagen foar jimme wèze: de Miljononèrsfair as de Itensbank?
As je it nijs wat folgje is der in protte ferskaat yn de maatskippij. Ha jimme ek it MiljonèrsFair op de televyzje sjûn ? Wer de diamanten fan sa folle tûzenden euro`s oer de bar fleagen? En de froulje hun prachtiche jûpes en kostberre sieraden tentoan sprieden? It koe net op, de besikers stonden te kringen om yn byld te kommen…
En dan hearre wy om us hinne dat der noch mear itensbanken by komme moatte. Neffens myn ynsjoch geane wy mei elkoar de ferkearde kant op. Ik besiikje altyd optimistisch te bliuwen. Dan hâld ik my sels foar dat der yn al dy iewen ferskaat west hat tusken earm en riik. Mar it bliuwt hoe je it ek besjoche tige drôvich.
Ik besiikje mar op myn eigen lytse fjouwerkante meters rekken te hâlden mei myn meiminske.
NB. Ik ha trouwens de itensbanken foar de fûgels wer befoaride. It binne tankberre iters. Se freegje teminsen net hoe folle gongen it hjoed binne.
Het is jammer dat veel rijken vaak druk zijn met het voeren van hun ego…… Raar eigenlijk, want gelukkig word je daar niet van alleen maar hebberiger.