Flagje
“Wist sto wer`t de flagge mei stok is?” freegje ik myn man. Twa kear yn it jier giet de flagge ùt. Mei befrijingsdei en as de buorren sa lang troud binne in kear faker. Mar yn ùs omjouwing wurd mear skieden dan trouwd dus sa faak hoech ik net by de gevel op.
Einlik fyn ik de flagge. Hy is raffelich wurden en de stok mist de knop . Wy hawwe beide de oarloch en de befrijing mei makke dus flagje sille wy. Efkes letter hinget de Fryske flagge healstok. De wyn is lizzen gong, de flagge past him oan en hinget der drôf by. De oare moans hinget er wer mar nò fol ùt. Wy meie feest fiere en dat sil eltsenien witte. Ik sjoch om my hinne; wer binne de Fryske flaggen? De pear dy hingje is de trije kleur. Ùs buorren sprek ik der op oan. “O, dat makket ùs neat ùt, it is ùs om `t lyk.” sizze se. Ik skilje de jonges en freegje; “Ha jimme de fryske flagge al ùt“? De iene is krekt wekker en de oare wennet yn Hollân. “Dan moast him just ùt stekke.” sis ik. En sa bin ik op oarlochspaad.
Ik sil de flagge neisjen en hy kriget in nije stok, beslùt ik.
Dus minsken: hingje tenei de Fryske flagge ùt, lit sjen dat jimme Friezen binne. Net allinne yn wurd mar ek yn died…