Memmedei
“Ik skilje efkes want it is hjoed Memmedei.” seit ùs soan. “Dat is moai fan dy dat sto der oan tocht hast.” sis ik.
Myn man wie sakeman en moast der neat fan hawwe. It wie handich opset troch de middenstân fûn hy. Op it moed fan de minsken ynspylje… dat fûn hy mar neat. Myn blomfasen bleaunen san dei dan ek leech.
Doe ùs bern lyts wiene makken se tekeningen foar my. Ik ha se bewarre. De iene hie talint en de oare koe ik mysels net yn werkenne. Mar ik wie der tige grutsk op, fansels. Doe sy folwoeksen waarden hâld it op: it wie en nèt wichtich mear.
Mar krimmenearje doch ik net. Der kin samar ien om ‘e hoeke komme mei in prachtich bosk blommen. En myn man komt op de gekste tiden thus mei in Passyblom as in Kristestoarne (Valse Christusdoorn). Hy hâld nèt fan fêste foarskreune wisânsjes mar wol fan fêste planten.
Ach, sibben fan my… ik wit dochs wol dat jimme fan my hâlde!
En da’s fan wjerskanten, us memmeminske ;-D
Alleraardigst…
Ach, raak ik zowaar ontroerd.
Sa is it mar krekt, tante Wokke!