Diamant
“Mei ik wat sinten fan dy liene?” freegje ik myn broer. Doe wy lyts wiene wie ik de ienige dy it altiid krap hie. En bûsjild sa as de bern hjoed de dei krije wie der eartiids net by. Myn âlste broer fersjinne al en sa swaande skode hy my wol es wat ta.
Myn oare broer wie deun. Hy koe knikkerje as de bèste. Ik nèt; ik ferlear altiid. En krinterich as hy wie koe ik noait wat knikkers los plûzje. Myn suster wie in restich bern, der hie nimmen lêst fan.
Ik hie in bysûndere bân mei myn âldste broer. Fiif- en tweintich jier hat hy as slachter by de F.C.E. fleisfebryk (PDF; iepent yn Adobe Reader) wurke en fiif- en tweintich jier by Rykswettersteat. Syn libben wie in libben fan wrotten mar it wie ek syn lust en libben. Mar dat wie net goed genoch; hy gong as frijwilleger yn it âld papier. Sa kaam hy ek yn it programma Hea te lânne, fan Omrop Fryslân.
Juster ha wy hun Diamanten brulloft fiert. De boargemaster mei wethâlder kamen lâns en in grut part fan it doarp. Wat wie it gesellich yn De Lantearne! It waard letter dan ik tocht .
En, jonge; ik fyn dy in bysûndere “Diamant”. Bliuw noch lang by ùs!
[klik galery foar grut]
gefeliciteerd dan nog met zijn
diamanten huwelijk!
mag ik vragen wat deun betekent?
Nog niet helemaal zuinig maar op het randje…
Wat mooi. Ik hoop het voor je/jullie.