Harkspul
It is lèt wurden. Letter dan se tocht hie. Ùs mem glûpt yn it tsjuster de trep op nei boppen. Spoekbenaud krûpt se achter de rech fan ùs heit dy al oeren leit te sliepen. Ùs mem hâld fan harkspullen.
Yn en nei de oarloch hearde se nei Paul Vlaanderen, syn frou Ina en de butler Charlie (“Okidoki!“). Us heit en wy, de bern, leine allang op bed as mem har del joech ûnder it ljocht fan de petroaljelampe. Hjir hie se de hiele dei nei ùtsjoen: it legindaryske radioharkspul fan de AVRO. Yn dy tiid breide se alles wat los en fèst siet. Jern wie er net te krijen dus alles waard ùtraffele en wer opnij breide. Der wiene wol es minsken dy fregen hoe it kaam dat dy famkes fan Theunis en Atsje der sa kreas ùt seachen. Mar dat kaam allegearre fan it harkspul fan Paul en Ina Vlaanderen.
Fragmint ût ‘HET MYSTERIE VAN DE WESTFIELD JUWELEN” troch Stichting Hoorspel Nú:
[audio:http://www.tidenhawwetiden.nl/wp-content/uploads/2012/05/Westfield.mp3]
Ik mocht wol es opbliuwe en fol spanning siet ik op in stove deun by mem. Ik hear de ynbrekker noch rinnen oer it grindpaad en de kaai knarsterich yn it slot omdraaien. It wie faaks swier ûnwaar en dat makke it noch spoekefticher. Ach, wat wie dat in moaie tiid. De petroalje lampe sûze en de priemen tikken regelmjittich tsjin elkoar oan. En as it spannend waard koene de priemen it net byhâlde. “Kom, we gean op bed.” sei se dan; “Sis mar net tsjin heit hoe let as it wurden is.“
Baantjer en al dy oare detectivesearjes kinne net tipje oan it harkspul fan Paul Vlaanderen. As is it falsk sentimint fan my?
Ôfbylding; webside Paul Vlaanderen.
Mooi!
Ik ken hoorspelen niet van vroeger.
Maar nu heb ik dozen vol! En soms echt lekker om naar te luisteren, ja ook Paul Vlaanderen.