Etikette
Tsjin oer my sit in jong famke mei har freon. Neist my sit in âlder spantsje. Sy is fegetarier, har man dudlik nèt. Myn freondinne fiert har jierdei mei freonen en sibben mei in grutte breatafel. Foarôf koene wy mei elkoar yn ‘e kunde komme mei in drankje en in hapke. Efkes letter sitte wy mei san tachtich man oan tafel.
“Soene wy begjinne kinne?” freget myn buorfrou; “It sop wurd kâld.” Wylst wy sitte te wachtsjen ferteld it echtpear neist my dat sy in omreis meitsje sille troch Sùd-Amerika. Mei in flinke tik op ‘e tafel wurd er frege om in momint stilte. It falt my op dat it famke tsjin oer my sa netsjes yt. Har freon is dùdlik r0ppig en falt oan. Myn oare buorfrou nimt sop sûnder bâltsjes, har man kryt har es er by.
Nei dat wy wat better yn ‘e kunde kaam binne jouw ik it famke in komplimint oer har iten. Se ferteld dat se dat thus leard hat. Under iten de pet ôf en de linker earm ûnder de tafel. Allinne mei it oare iten moasten sy mei mes en foarke ite. “Mijn ouders waren erg streng voor mij en mijn broers.” seit se; “Je weet nooit waar je later in je leven terecht komt. Misschien wel in het Witte Huis, zeiden ze. En dan hoef jij je nergens voor te schamen.“
Fjirder op slaan in pear bern mei de leppel op ‘e tafel. It duorrret hun te lang. De âlders ha der wille om. “Wat in ferskil yn opfieding.” tink ik by mysels.
“Wat wie it gesellich nèt?” seit myn freondin. “Ja,” sis ik; “mar de lju wiene ek tige ynteressant.” Ik nim ôfskie fan it famke en winskje har sukses op wei nei it Witte Huis…